Boukje
“Kom hjir!” ropt er histerysk. En noch es. En noch es ropt er mar Boukje is dôf.
Op it stikje grien om it fersoargings-sintrum hinne mei se har ùtfleane. Dat giet allang sa. Sûnt syn frou koartlyn ferstoar is binne se op elkoar oanwezen.
It wie altyd har hûn, fan him moast Boukje neat hawwe. Mar troch dat se har beide ôfgryslik misse binne se kammeraten wurden.
Oeral wert hy hinne giet is sy der by. De hûn hat fêststeld hoe de dei er ùtsjen moat. Fan moarnsier oant de jûns ta hat sy de lieding op har naam.
Boukje hat syn frou ferfongen en har plak ynnaam.
Sa ek dizze moarn mei sy har ùtfleane. Se is troch alles hinne. Mar dan sjocht hy hoe sy utglidet en yn de sleat telânne komt. Hy raast it ùt. Omstânners helje de hûn mei in heak ùt de feart. Mar it is te lêt: de kjeld hat in ein makke oan Boukje har libben.
Treasteleas is hy.
“Foar wa moat ik no noch libje?” gûlt er; “No bin ik se beide kwyt …“
Dit is bêst wol in tryst ferhaal. Ik moast omtrint gûle.
Zo belangrijk is een levende ziel. Droevig hoor.
Hoefolle binne er sa net wert wy it net fan witte ?