Buorren
Hawwe jimme ek buorren?
Wy ha se wol, der wol ik jimme graach wat fan fertelle.
Achtjen jier wenje wy nò yn dizze strjitte, se neame it,”it Haskeplan”. De earste tsien jier wennen we yn in oar hûs, mar wol yn de selde strjitte. Mar it hûs stie oarsom de foardoar wie oan in kant wer gjin mins lâns kaam.
En dan wie der noch in hiele grutte ligusterhage om hinne, dat sosjaal kontakt wie er net. Doe binne wy ferhùze nei in lytser hûs, wert de foardoar oan è dykskant is , en it tùnhekje efterhûs ùtnoadigt om in praatsje te meitsjen. Der is in wrâld foar ùs iepen gong, sa kin it dus ek: seinen wy.
Doe wy jierren allyn hjirre kamen wiene wy de jongsten, nò binne wy de âlsten fan de bewenners. Der wenje nò allegearre jonge minsken om ùs hinne, en it iene nei it oare bern wurd benne.
Wy fine it hiel gesellich, en boppe dat wat noch belangriker is, se helpe ùs oan alle kanten. Jan helpt ùs mei de kompjùter as dy wer es krest is, Piter romme eltse dei de ofrûnne winter de snie op. En wer in oare buorman boadskippe foar ùs, as de weagen net te begean wine. En as er ien jierdei is wurre de âlde minsken ,{ wy dus} der by frege. Dus sa kin it ek, myn rie is dan ek ferhùzje as it net goed strookt mei jimme omjouwing, en is it wol ynoarder wes er bliid mei je kinne elkoar nedich ha.
Wy binne yn elts gefâl in pear tankbere minsken dy it o sa troffen ha mei de minsken om ùs hinne.
Mem is op drift met schrijven. Leuk! Jullie wonen in een gezellige buurt maar dat wist ik natuurlijk al 😉