Memmetaal
Ik stean foar de baalje fan in bank. Ik wol ek mei dizze bank ynternet bankierje kinne. Mei in oare bank doch ik it al hiel lang dus moat it by dizze ek kinne.
Ik sit op in komfortabele bank om my hinne te sjen. Alles is oranje, sels de baaljefroulje hawwe oranje horloazjes. Ien hat sels in oranje earbeltsje.
In bûtelânske man besiket yn in fremde taal jild oer te meitsjen nei syn dochter. Earst wurd er ien meiwurker by helle. Efkes letter in twadde. Op it lêst wurd de direkteur er by roppen. Ik hoopje dat ik noch lang net oan beurt bin: dit wurd spannend .
Dan bin ik oan bar. “Ik wol ynternetbankierje.” sis ik. “Ik versta u niet.” seit se. “Helje mar ien op dy Frysk kin.” sis ik.
Sa stean wy tegearre foar de baalje. De Egyptenaar en ik. De iene kin gjin Frysk en de oare gjin Egyptysk. We knypeagje nei elkoar en hâlde beide fol.
Efkes letter steane wy bûtendoar en jouwe mekoar de hân. “De groeten aan uw dochter.” sis ik noch.
Der komt in earm omheech.