Pacemakers
” Jo hert rint te stadich”, seit de hertspesjalist tsjin myn broer. “Jo moatte in pacemaker ha, dat kin tsjintwurch..” en sa dat barde it.
Nei kontrôle sei de arts: “It jout neat, we sille jo in oare jaan dy sterker is. We jouwe jo de allernijste pacemaker dy krekt ùt Amerika kaam is. As der wat mei komt dan binne wy daliks op ‘e hichte.” Sa giet hy nò troch it libben mei twa pacemakers. We ha dizze wike wiidweidich mei femylje en freonen syn jierdei fiert. Hy en syn frou genietsje fan eltse dei dy hun jûn wurd. Wy hawwe grut respekt foar sa`n libbenshâlding.
In joods siswize seit “as moarn de wrâld fergean sil dan plântsje ik hjoed noch in beam.”
1.980
Category:
De Famylje