Weitôge
“Moarn stimme.“, sis ik tsjin myn man; “Tinkst om dyn ID kaart mei te nimmen?”
Efkes letter seit er brimstich ; “Hast sto him net hân?”
“Né,” sis ik; “ik hoech my deis net mei dyn kaartsje te legitimearjen. Dat wie yn de oarloch sa.” De goeie sfeer is ynienen foarby.
“Do hast it spul altyd byelkoar yn `t laat.” seit er. “It is dyn ID kaart.” sis ik wêrom.
En sa begjint de syktocht. Yn alle hoeken en hennen wurd socht. We komme op plakken der`t wy yn jierren net west hawwe.
Bûsen fan jassen en broeken wurde omstrûpt. De boekekast wurd leech helle en boek foar boek neisjoen. As lêste helje ik de djipfries laden leech -jo witte mar noait-. Op it lêst begjin jo oan jo sels te twiveljen en begjinne wer fan foaren ôf oan.
“No it stimmen giet moarn oer.” seit er; “Ik kin my net legitimearje.” “Ast no es op myn kaartsje gieste.” sis ik; “Wy lykje nei safolle houliksjierren in soart op elkoar.“
“Salang er safolle fremdelingen yn ùs lân komme betrouwe se net ien mear.” seit er.
“No, se sjogge oars dalik wol dasto gjin IS-er bist.” sis ik.
Weitôge. Mar wer?
Ik moest hjir tige om leitsje. Sjoch it hielendal foar myn eagen 😉
Tinke jo noch wol ris werom oan de gefoelens en wat barde yn de tiid dat jo fereale wiene en it earste houliksjier?
Se binne ûndùdlik wurden troch wat der nei kaam,!
Dat is ek wat. Miskien wit jo man it noch wol 😉
Dy gefoelens binne djipper wurden ,alles hat in begjin om te waaksen.
“Alles hat in begjin om te waaksen”. It soe in troutekst wêze kinne..
Vergelijkbaar met de voorjaarsschoonmaak.
Ik heb me weer kostelijk vermaakt.
maar het belangrijkste heb ik nog niet begrepen: wat betekent Weitôge?
Letterlijk ‘weggebracht’. Figuurlijk wordt echter vaker gebruikt; weggemaakt, uit het oog verloren.
Geen dank. 😉
Weisleept , seine hja èk wol. Dat betsjut ferlern { foetsie.}
Ok, geen dank 🙂
Foetsie begrijp ik wel .