Moment suprême
It Moment Suprême is foar my de sneontemoarn as de Ljouwerter Krante op `e matte falt.
Myn man, troch de jierren wiis wurden, seit neat; hy kriget dochs gjin andert. Dit is foar my in hillich momint. Ûnder it drinken fan ferskate kopkes kofje rin ik troch it nijs.
Ûnnrêst by de plysje, in artikel oer de ambulânses op it platte lân en oer de bioboer Nynke. Sport slach ik oer. Dan komme de strafsaken oan bod en lês ik oer it saneamde pear Bonny & Clyde.
Al lêzende foarmje ik myn eigen miening. Bytiden lûd op en soms grânzich yn my sels nim ik noch mar in kop kofje. De rouadvertinsjes komme wiidweidich oan bod: mooglik as er in goed kunde by sit.
En sa einigje ik by myn favorite underdiel Wonen & Co. Dizze kear by Johan en Peter yn Wommels dy fan in âlde notariswente har dream makke hawwe.
Moment suprême.
Sa bin ik wer op ‘e hichte, hoe it rydt en fart om my hinne …
De sneonskrante is my ek hillich. Ik kin my der suver freeds al om fernuverje. Sneontemoarn LC&DE
Dy moat bestean bliuwe hoe dan ek !