Freonskip
“Mijn moeder is gisteravond overleden.” mailt se my.
Ik lês it noch es en noch es. “Dat kin net.” sis ik.
Ik kin har wol in heale ieu. Se kaam ùt Denemarken en hie har takomstige man troffen yn Kopenhagen. Hy wie sèman en sy sekretaresse op in grut kantoar. En as syn skip it Deenskelân oan die metten se elkoar wer.
Nei ferrin fan tiid trouden se en setten hja ta wenjen yn Fryslân. En sa waarden ùs libbens mei elkoar ferbûn en dat waard freonskip foar`t libben.
Sa`t it yn minskelibbens gean kin komme er neist moaie ek fertritlike dingen foarby. Tiden fan rou en blidens wikselje mekoar ôf mar we koene it oan elkoar kwyt en wisten wat wy elkoar ta betrouden de drompel net oer kaam. Tegearre gûle en laitsje, dy freonskippen binne tige seldsum.
En nò is se der net mear; ik sil myn maat misse.
Tank datsto in ein mei my oprûn biste op myn libbenspaad …
Hja rêst nò yn har Heitelân wer`t se thùs hearde.
Moai beskreaun, tante Wokke……
Earm om dy hinne…skande dat minsken der samar ynienen net mear binne…
Ja sa wie it. …it wie de freondinne fan us heit. .. De cirkel is rûn. .. se is sels stjerd yn de geboartested wer se ek berne is! !!