Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?
Dizze fraach waard yn de media stelt.
We hawwe it oer de hûnderden flechtelingen dy `t ùs lân oerstreame. We kinne de ferskriklike bylden en sjogge der dei yn dei ùt nei. It wurd al gewoante, it heard by it deistige nijs sa as by it waar en wat docht de rinte.
We binne der allegearre mei oan, selfs de polityk. It giet sels safier dat it regear hjir mooglik om fâlle kin.
Myn pake en beppe hiene in grutte hushâlding mar namen er twa pleechbern by. Wêrom koe it doe wol en no nèt, freegje ik my ôf. Immen sei: “As eltse Nederlânner no es ien yn `e hûs naam dan wie it probleem oplost.”
“Soe sto wol op `e bank sliepe wolle en ik op in stretcher ?” freegje ik myn man; “dan kin er in flechteling op ùs bed. Dat moat dochs mooglik wêze.” Hy sjocht my oan as doogde ik net.
Myn ferstân en myn gewisse hawwe it dreech …
Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?