Paraglider | twa
“Ik bin wer thùs hear!” ropt in stim yn ‘e gong. Mei in grutte klap hearre wy hoe hy tweintich kilo begage op de grûn falle lit. Ùs “paraglider ” is wer thùs.
“Nò je, hoe wie it? Hast it nei`t sin hân en is alles goed gong?” freegje wy. “Jow my earst mar in bakje kofje” seit er. Ik fernim wol; hy hat gjin nocht oan praten. Nei tolf oeren fleanen komt der gjin wurd mear ùt. Hy hat lest fan in bèste jetlag. De earste ûren as dagen sille wy wol neat te witten komme, tink ik. Him kinnende sille wy mei de tiid wol es hearre wat hy belibbe hat…
Wat is dat dochs mei de âlde lju dat sy foart alles witte wolle?
Mar fansels binne wy bliid dat hy wer feilich op de grûn oan lânne is want Sùd-Afrika leit net neist de doar…
Foto: Friesland Holland Nieuws
3.617
Mear fan dit:
Category:
De Famylje
Wat bin ik bliid dat mem mij kin.
as ik tiisdei thus kom dan fertel ik meer oke!
Tige best,do seist mar hoenear sto der klear foar bist.