Tebektinkens – 5 Maaie 1945
“Moast nei underen komme!” ropt ùs heit nei boppen.
It is sneintemoarn. We binne krekt ùt tsjerke en ik fermeitsje my op ‘e souder. Noch es ropt er; “De Kanadezen komme der oan!”
Ynienen is er gerop en geraas om my hinne. Ik doch yn ‘e gauwichheid in pear fierste te grutte klompen oan. It doarp wert jo op snein in kanon ôfsjitte kinne is it nò ien en al gaos. De lju komme ùt alle hoeken en hennen, se laitsje gûle en balte troch elkoar hinne.
Fan ôf Beetst en de Tynje komme der grutte tanks oan rôljen, de minsken binne net mear tehâlden.
Fyf jier fan ûnderdrukking en deltwingjen moat er ùt. Ynienen wurd ik omheech hise troch in pear Kanadeeske soldaten. Segefierend as hie ik sels it lân befrije ryd ik heech op in tank troch it doarp. Ien klomp wie ik al kwyt, de oare bongele noch oan ien tean.
Dan sette se my op `e grûn oerladen mei sigaretten en sûkelade. Mei bebliede fuotten fan de krammen dy ùs heit altyd oer de kappen fan de klompen die kom ik thus. Hy wie net iens lilk, de smokerij dy in soart goed.
Tebektinkens.
En altyd wer sit ik op 5 Maaie heech boppe op in Kanadeeske tank …