Grientesnijer
“Giest mei nei de Hûs en Tùn Beurs yn Ljouwert?” freget myn freondinne. Sy wennet op in pleatske en is altiid yn foar nije ideeën. Mei ùs eigen fjouwerkante meterkes grûn ha ik net safolle yn de bry te rieren dochs gean ik mei.
Amper rûmte te finen foar ùs auto komme wy by it Fec oan. Al by de yngong stiet in man mei in hiele handige grientesnijer. Hoe dy man mei winterwoartels, sipels, prei en noch mear griente omgiet stean ik fersteld fan. En dat allegearre stoppet hy yn in apperaet. Je kinne der mei wôkke mar ek mei friture. Wy binne entûsjast en keapje beide sa`n ding.
Fjirder gean we. Wy sjoche ùs eagen ùt: prachtiche tùnhuzen mei de moaiste terrassen. En dan noch de gersmatten, ik fiel der efkes oan: soe it wol echt wèze? Moaie swimbaden yn alle soarten en mjitten. Yn tinzen sjoch ik my sels al sitten yn in ferliedelike bikini, op ‘e rânne fan in marmeren swimbad. Myn freondinne hat it al klear: sy begjint in “Bed en Brochje” en fan dy opbringst komt er in fantastyske tùn mei swimbad. Fol mei plannen en ideeën ride wy nei hûs ta.
Hjoed ha ik de grientersnijer probeare. Hoe dy man it hie ik wit it net mar hy stiet wer yn it oanrjochtkasje.
Stom, stom, stom, dy man hie ik erby nimme moatten…….….
Dat moat tige gesellich west hawwe 🙂
Mar is dat net altiid sa mei dit soarte apparaten? It liket sa moai as san man it foardocht mar as jo it ien kear ùtpakt ha thus en it sels prebierje wolle slagget dat nea. Frjemd guod.. 😉
Dochs soe ik der mar efkes hinne gean,prachtich om te sjen, mar wol mei in dikke ponge.