Hoe fier giet myn Frysk ?
“Kom fierder.” sis ik tsjin de man dy `t by de doar stiet. It is de elektrisien; hy komt foar in pear stikkene stopkontakten.
Okkerdeis ha ik de hierbaas troch in e-mail witte litten as sy dat reparearje koene. “Ik kon uw mail niet lezen dus ik weet niet waar het over gaat.” seit er. Hy blykt in Stellingwerver te wêzen.
Ferline wike moast ik myn soarchfersekerder hawwe. It frommeske koe my net ferstean. Ik sei; “Sykje mar ien dy dat wol kin.” Nei in skoft krij ik in jongfeint oan `e line. Yn geef Frysk koene wy mei-inoar oerlizze wat de reden fan myn skiljen wie.
Efkes mei myn terapeut skilje mar de man is Hollanner en ferstiet my net. Ik skeakelje oer fansels, wol foar de rjochte kwaal behannele wurde.
Hoe fier giet myn Frysk in gewisse fraach. Dat freegje ik my somstiden ôf. Dochs heard de Fryske taal by myn libben sa as laitsjen en gûlen, lokkich as ungelokkich.
De elektrisien stiet noch yn `e doar. “Kom fierder.” sis ik; “Krigest earst kofje.” Al gau ha wy in goed petear oer talen; hy yn it Stellingwerfs en ik yn it Frysk. Sa kin it dochs ek?
Hoe fier giet myn Frysk? Hoe fier giet jo Frysk?