Ferstean en begripe
Der is hjoed-de-dei folle opskuor oer en elts wit wat er barre moat.
Ferskate lju steane rjocht tsjin oerinoar.
Ek ik wit it net; hoe guon minske de lju yn ‘e hûs opnimme… ik ha der djip respekt foar.
Der wie in frommeske foar Omrop Fryslân. Hja fertelde dat sy yn de rin fan de tiid 18 fremdelingen herberge hie.
Bergen skuon en klean wurde nei it doarpshûs brocht. Wylts ik mei de bylden fan de lêste tiid troch it hûs rin wurd de steapel al grutter en grutter.
In groepke froulje fan de Meniste tsjerke binne oan it naaien slein. Lytse en grutte tassen wurde der makke. “Dy binne ek nedich.” fine se.
Ik nim my foar as se komme dan sil ik hun de Fryske taal leare en op myn beurt wol ik hun taal leare. Want as jo net mei-inoar kommunisearje kinne, hoe sille jo inoar dan ferstean en begripe?
Doen!