Revyzje
Yn in sealtsje fan it sikehûs sitte wy oan ‘e kofje mei keek. In ploechje minsken sawol froulju as manlju sitte om ‘e tafel. We binne hjirre op in foarljochtings middei oer knibbeloperaasjes. In aerdich jong ‘ding’ jowt tekst en ùtliz.
Sy sjocht er trouwens net nei ùt dat sy al oan kunstknibbels ta is…
Mar tige enthousiast ferteld se wat ùs te wachtsjen stiet. Der wurd in film draait oer in nepoperaasje wer`t gjin drip bloed oan te pas komt. Mar dochs komt it my hiel realistysk oer. It sikenhûs is oan it ferbouwen en de wurklju binne bûten oan it seagjen en boarjen dat hearren en sjen jin fergiet. By it sjen fan de knibbelfilm en it lûd op de eftergrûn giet in man oerein: “It hoecht om my net mear..” seit er en giet foart.
Mar de rest bliuwt sitten. We sjoche mekoar es oan en freegje ùs ôf wat moatte wy dan mei de âlde knibbels?