De hammer
“Sille wy begjinne?” ropt de foarsitster lûd. Se is ferkâlden en dertroch tige heas.
It gerûs om har hinne wurd earder lûder dan suniger, se kin er nèt boppe ùt komme. Mei fikse klappen slacht se mei de foarsittershammer op de tafel foar har.
Ik bin biologearre troch dy hammer. Hy is fan prachtich nutenhout mei koperen ringen beslein en ùtsnien mei jiertallen dy wol hûnderd jier tebek geane.
Koe dy hammer mar fertelle oer de gearkomsten fan langferfleine tiden.
Ik ha wol es heard dat er sa mei slein waard dat de knop fan de hammer troch de tsjerkeriedskeamer fleach. Wat hat hy wat ofhammerje moatten yn dy hûnderd jier, betink ik my.
Wichtige saken kamen oan oarder sa as trou en ûntrou, rjocht en ûnrjocht. Oer praters dy fan gjin ophâlden wisten en oer de swijende mannichte mar der wie gjin slach foar nedich.
Yntiids hat de foarsitster de seal stil krige, se hat gjin lûd mear.
De hammer hat syn wurk dien en sil noch lang de stipe wêze fan de hân dy him fêst hâlde mei.
De hammer…