Beakens
Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? Ik bin net de allerjongste mear. De tiid hat my al aardich yn helle. Foaral de technyk ha ik de hannen fol oan. Dochs wol ik lyk opgean mei de jeugd want ik bin net unnoazel, fyn ik sels.
De iene soan is foar de technyk en de oare foar de putsjes. Hy hat twa gouden hannen.
“Mem,” seit de technyske soan; “ik sil de staveringshifker op mem har kompjûter sette.”
“Hoe dochst dat dan?” freegje ik want dat moat ik witte fansels. “Ik nim de kompjoeter op ôfstân oer.” seit er. En sa sjoch ik letter hoe myn mûs selsstannich syn paad siket op it skerm.
“Ik wol graach in reitensket hawwe,” sis ik tsjin de handige soan; “it âlde is tenein en tige suterich.”
Nei wat oantrunen fan myn kant sit it reidsket er op. Fol bewûndering stean ik nei it resultaat te sjen. “Ast in naaikarweike hast komst mar.” sis ik tankber.
Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? (en de Fryske staveringshifker fansels 😉 )
It binne de beakens yn myn deistich bestean.
Beakens…