Gurbe
“Wat krije we dan?” frege ik. “Dat sjochst wol.” sei er unfersteurber.
By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt “Jan yn ‘e Pûde“, dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.
De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.
Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.
“Wat is dat foar bist?” frege ik mistrouwend.
“Dat is Gurbe.” sei er. “Hy hie nò it goeie gewicht.”
Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.
‘Gurbe‘. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.
Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.
Der hat nea wer in ‘Gurbe’ west …
Ach… Krysttiid 1944.