Fyftich euro
Ùs Max is sântsjen jier by ùs mar it begjin fan syn libben wie in minne start. Hy waard oanbean yn de Feanster Krante foar fyftich euro. We koene him ophelje ùt Jobbegea.
Noch gjin jier âld en al fjouwer adressen hân. De klacht wie dat hy altyd fuort rûn.
En omdat Jelle -in Welsch Springer– krekt ferstoarn wie krige Olly, ùs oare hûn, selsskip.
Yn it begjin wie it oanpassen sawol foar him as foar ùs.
Mar al gau wie der thùs. Hy hie noch wol es oanstriid om achter de katten oan te gean. Mar dy hiene algau yn`e gaten dat it neat om `e hakken hie.
Wat er ek barde yn ùs libben, oan fertriet as blidens, hy wie der by. Hy hâld ùs oan de tiid, sa let ite, sa let ùtlitte. As ik de jas mar oan die woe hy mei. Sneintemoarns nei `t tsjerke en dat wist hy, dan koe hy net mei en krûpte yn `syn koer.
It rint no op in ein. We hawwe nachten by him wekke mar wy witte; it hâld in kear op.
Sûnder betinkst hâlde fan. It is net yn jild ùt te drukken.
Fyftich euro…