Hiel Fryslân Bakt
It is in hype wurden. Jo kinne de telefyzje net oan sette as se binne oan it iten siden. En net te ferjitten de baksels en brousels fan prachtige taarten en sa fierder. Sa fergapje ik my oan it moaie ark dat hja ta har beskikking hawwe. Moaie potten en pannen om fan de kokenrêding mar te swijen. Eltsenien kin itensiede seit min, it hoecht net dreech te wêzen. “Goede en duidelijke basisrecepten.” Der giet it om seit Rudolph van Veen. It resept moat ienfâldich wêze. Jo moatte net fuort begjinne mei in preitaart mei Roquefort. “Mar foar dat ik oan `e slach gean wol ik earst in nije koken hawwe.” sis ik tsjin myn man. Oprèdde sil ik; alle âlde potten en pannen nei de Omrin. De fleispanne fan ùs mem giet earst de doar ùt en de pankoekspanne fan skoanmem er efteroan. Ik sil skjin skip meitsje en dan sil elts fersteld stean fan myn itensiederskeunst. Jimme sille noch in soart fan my hearre. Miskyn wol op Omrop Fryslân …. “Hiel Fryslân Bakt.“