Utstrieling
Dy man mei ik wol leie.” sis ik tsjin myn man as wy tegearre telefyzje sjogge.
Hy skoddet mei de holle en is it dudlik net mei my iens. “It is gjin lieder.” seit er; “Hy moat him noch wier meitsje.“
Dat bard wol faker dat wy ûngelyk oer minsken tinke. Hy besjocht san persoan oars as ik. Hy giet mear op de bûtekant ôf, stiet it him oan as net. En ik gean mear op syn as har ùtstrieling ôf.
‘Wat is dat dochs?‘ freegje ik mysels ôf. De iene persoan leit je en de oare net. Guon lju komme jin iepen en frij temjitte, der binne jo daliks mei thus.
Myn man hâldt dan op mar ik betink dan in oare iepening om de man as frou oan `e praat te krijen.
‘Dat makket my just nijskjirrich. Dy persoan hat fest wat tefertellen.‘ tink ik dan. Want elk minske belibbet it libben op syn eigen wize en der bin ik no benijd nei.
“Wat fynsto fan sto no fan Donald Trump?” freegje ik him. We binne it foar ienkear iens.
Utstrieling …