Gammel
Ik bin gammel en fiel my beroerd.
Ik bin noch te boadskipjen west en ha fan alles dûbeld ynslein.
Dat is in tik fan my; ik wol reserve hawwe. Fan alles twa keapje, dat bin ik went. Dat ha ik fan ùs mem leard. Se siet faak krap mar soarge dat se oeral dûbeld fan yn `e hûs hie.
Djipfries bestie noch net, foar woartels waard in kûle yn `e grûn makke.
Myn suster en ek sliepten yn `e bedstee mei derûnder de foarried ierappels foar de winter.
Min kin dochs alle dagen nei de supermarkt gean? Sels op snein en troch de wike oant acht oere ta.
Ik gean op bed. Se sykje it mar ùt, se rêde hun wol. Ik ha ommers alles dûbeld.
Gammel…. Ûs heit swarde by in hiete groch. Ek derfan mar dûbeld, dan komt it fêst goed.
3.473
Category:
De Famylje, Oer mijsels