Binne se ek gelokkich?
“Binne se ek gelokkich?” freegje ik oan de frou dy neist my leit.
Ik bin yn it sikehûs foar in nije heup. We lizze tegearre op ien keamer, dat bard hjoed-de-dei net folle mear. Mar in jier as wat allyn koene jo dat noch kenber meitsje.
Se komt ùt de Tynje, seit se, en omdat ùs mem der ek wei komt binne we al gau yn petear. We prate wat oer it doarp en syn ynwenners.
Al gau lit se my witte dat se widdo is. Hja hawwe altyd yn Grins wenne wer`t har man heechlearaar wie. Letter erfden se har âlders’ hûs en setten se har dêr ta wenjen.
“We hawwe fjouwer bern.” giet se fierder; “Twa famkes en twa jonges. Se hawwe it allegearre goed dien. Der binne twa dokter wurden, ien dochter fysioterapeut en ien ferpleechster.“
“No,” sis ik; “dan sit jo goed foar jo âlde dei.“
Ùs hâlding bliuwd wat ôfstânlik, we hawwe genoch oan ùs sels. As wy beide alles efter de rech hawwe komme wy tichter by elkoar en wurd it petear yntimer.
Mar stadich oan krij ik myn nocht fan de ferhalen oer de suksesfolle bern.
“Binne se ek gelokkich?” freegje ik har. “Dat wit ik net,” seit se; “ik ha se yn gjin jierren mear sjoen.” Neist my is it stil wurden …
Binne se ek gelokkich …