De tiid sil it leare
Ik ha jierdeibesite. De kring wurdt ta myn fernuvering elts jier lytser. Mar sa giet it as min âlder wurd. It binne freonskippen fan lang ferlyn.
Wy witte hast alles fan elkoar; wa bern hat en wa net. Wa `t skieden is en wer in freon hat. We mije lestige underwurpen sa as jildsaken want der sit noch al ferskaat under it ploechje.
Twa hawwe krekt in elektryske fyts kocht. Hoeden wurde dy efter yn de tùn set, it is ommers rôversguod? De iene hat er twa slotten op en de oare in grutte.ketting.
Efter oan stiet yn it skaad in rollater.
Myn skoeter stiet yn`t hok en kin noch krekt de rollater sjen. Se knypeagje nei elkoar en sizze sùntsjes: “We komme beide wer`t wy wêze moatte.”
It petear giet letter oer wichtere saken sa as literatuer.
“Wa lêst er noch in boek?” freget er ien.
Ferskate lju lêze noch boeken. Ik hâld my wyslik stil want ik ha ommers myn tidenhawwetiden.nl.
Ik fiel my skuldich: ik moat mear literêr wurde.
Efkes letter ferdwine de elektryske fytsen.
Wa komt no fierder yn it libben? De elektryske fyts, de skoeter, de rollater as de literatuer?
De tiid sil it leare …