It each
Se leit langùt op de flier te boatsjen. Myn suster en ik binne op besite by us mem. Gesellich sa as altyd mei kofje en blauwe flut. Fan alles giet er dan oer it tafelswilk. It praat giet oer sibben en de ynwenners fan it doarp. Somstiden mei grutte hilariteit en faaks op in toan fan meilibjen. Want elken ien ken ommers elkenien. Eltse wike om `e selde oere en tiid komme wy byelkoar en it ferhaal giet dan gewoan fierder. As waard er troch in Brimse stutsen komt de hùsgenoat oerein. “Mar dat is myn glêzen each! Der ha ik al tiden om socht!” seit er ferheard. Ta grut fertriet moat it bern de knikker ôfstean. It each wurd wer fakkundich te plak set, wer it heard. In glêzen each kin moai wêze mar it binne gjin bosters. We hawwe it er noch altyd oer…