Ynternasjonaal
Jimme witte wol dat wy har ùt it asyl helle ha. Ik moat sizze; se past har goed oan.
Se hat de Fryske taal al aardich under de knibbel. Se hat in ynboargeringskursus folge foar bûtenlânske bisten.
Se hat ek al kontakt makke mei in Russyske Mikoense kat en dat giet wûnderlik goed. Se hawwe earst de messen slipe en doe oerlein: hoe gean wy no fierder? Libje as fijannen as freonen? Yn oarloch as frede?
By de buorren kamen er twa Thaise hûnen fan hege adel mei lange stambeammen en drege ropnammen.
Nei in skofke fan unrêst en unbegryp binne se mei elkoar oan de keukenstafel sitten gong. Se sparren elkoar net; it gong er somtiden mâl om wei.
En sa ha se meielkoar ienriedich in ferdrach op papier setten en der moat in elts him no oan hâlde. Sa nèt, dan werom nei it lân fan komôf.
“De ynternasjonale taal moat wurde ‘Begripe en ferstean.'” seit:Stientsje want sy hat de ynboargeringskursus dien …