Pinkstergeast
Ik stean mei myn skoeter al in dik heal oere te wachtsjen foar de rotonde om oer te stekken. Rijen auto`s passearje my en behinderje my it utsicht.
Dan ynienen sjoch ik dat tsjin oer my twa grutte donkerkleurde mannen de wei oprinne, dwers troch it ferkear hinne.
De iene giet lofts stean en de oare rjochst. Hja meneuvelje nei de bestjûders dat hja stopje moatte sa dat ik er lâns kin. De hiele wei is foar my allinnich.
As wie ik in belangryk persoan, sa ryd ik feilich troch it ferkear hinne. Mei in hoflik gebear meitsje se my dùdlik dat ik oerstekke kin.
Tankber hâld ik in hân omheech en rop yn it foarbygean; “Tanke wol, Danke en Thanks!” want wer komme dy lju wei? We wiuwe nei mekoar.
De Pinkstergeast, dat is begryp hawwe foar elkoar. Ek as is it in fremdeling oanbelanget.
“De Pinkstergeast, dat is begryp hawwe foar elkoar”. En hooplike troch begryp mear romte foar oars wêze, jesels kinne wêze.
Hoopfol dat der ek it goede yn de minsk is. Dat jout in soad. Ek dat je paad wat makliker wurdt