Kin dat wol?
Sa as in hiele soart minsken sitte wy beide op Facebook. En sa kom ik him wol gauris tsjin en tink dan; ‘Dat hiest wat oars sizze moatten.‘ Mar ik hâld my wiislik stil. Ik moat my net bemuoie mei syn dwaan en litten.
Mar somstiden kost it my muoite. Ik kom ùt oare generaasje wer`t wy wat oars mei elkoar yn petear giene.
Fanne wike kamen wy elkoar wer es tsjin, in knap stikje hie der skreaun, mar de toan der fan stie my net oan. Doe ik er hoeden wat fan sei wie syn kommentaar; “Mem sjocht it ferkeard. Ik lokje in diskusje ùt. Figuerlik besjoen is Facebook in kroeg wer`t jo mekoar moetsje en diskusearje.”
“O,” sis ik; “wurket it sa?” en tink er it mines fan. We fersteane inoar en witte wat wy oaninoar hawwe. Dat skeelt.
Mar ik bliuw sizzen; “Kin dat wol? Hiest dat ek oars sizze moatten?”
Mar ja… tiden hawwe tiden …