Regearje is foarùt sjen…
“As ik neat mear sjoch dan moast sto it oernimme kinne.” Myn earste reaksje wie; “Né, dat kin ik net. Der wit ik neat fan ôf.” En omgean mei jild hat my nea boeie kinnen. Mei oare wurden; it griisde my oan. Mar it sicht fan him waard minder en lytse flaterkes kamen wol gauris foarby. “Jouw mar oer.” sei ik en liet my troch him foarljochtsje en dat foel net mei. Dat is krekt sa as mei behingjen; dat moat min noait mei jin partner dwaan. Der komt bargebiten fan. Ik moat sizze; mei einleas geduld hat hy my utlein hoe alles yn syn wurk gong. Troch skea en skande ha ik it under `e knibbel krige en is it gewoan wurden. Wat soene wy sûnder ynternetbankierjen moatte? “Wat stiet er op `e bank?” freget er dan. Regearje is foarùt sjen …
En ik lis it him ut.