Anonym
Mar wa is dy jinge dy t skillet freegje ik my ôf. Ik kom ùt in tiid dat wy nei it postkantoar moasten om te skiljen as om telefoan te krijen. Dan wie it hiele doarp al op `e hichte as wy besite krigen, noch foar wy it sels wisten. Sa waard ik okkerdeis skille troch in simpatyk minske. Se frege my hûnderd ùt mar wist alles al; âlderdom, wenplak, postkoade en sa fierder. “Wer giet it om?” koe ik er noch krekt tusken krije. “Ik ben van het Leger des Heils.” seit se. Ik hie alles wat oermakke want ik ha grut respekt foar dy lju. Mar se hâld mar oan. Hoe goed wurk as sy dienen. Doe frege hja nei myn rekkennûmer en ik krige argewaasje. Ik sei; “Dat hawwe jimme dochs al?” “Ja maar wij zijn van een andere tak van het Leger.” sei se. Myn betrouwen yn it minske hat wers in flinke dûk oprûn. De oare deis krige ik jild werom fan myn provider; der wie in anonyme beller west en dat hat mij jild koste sûnder dat ik it yn de gaten hie.
Anonym … Oplichterij is fan alle tiden.