Net te swier en net te licht
“Hoe sa?” freegje ik. “Ik bin siikjend. No ik âlder wurd wol ik earne by heare. Ik bin alle tsjerken yn dizze omkriten al bylâns west. De iene dûmny seit dit en de oare seit dat. Se binne allegearre oars. De iene is my te swier en de oare te licht.” “Dat wurdt dan in poepetoer foar jo.” sis ik. Stadichoan rint de wachtkeamer leech. Se lit de iene nei de oare foargean. It begjint my yn te baarnen. Aansten bin ik oan bar. “Wer binne jo by?” giet se fierder; “Ha jo de goeie al fûn?” “Moatte jimme ek mei de hannen omheech en dûnsje en sa?” “Ne,” sis ik; “yn dûnsjen bin ik nea goed west en hannen omheech dogge wy net.” “Werom wolle jo dat witte?” krij ik er noch ùt. “Ik ha net lang mear te libjen.” seit se; “Ik ha dy rot sykte en dan wol ik op tiid in dûmny derby hawwe. Mar net te swier en net te licht.” “De folgende pasjint!” wurdt er roppen.Ik gean oerein en winskje har sterkte mei it finen fan de krekte persoan. Net te swier en net te licht…