Oanpasse
Dû ik yn it houliksboatsje stapte sei de omjouwing:”Do moast dy oanpasse.” “Oanpasse?” tocht ik; “Wat is dat? Moat ik nò in oaren ien wurre?” Ik hie der gjin benul fan wa ik dan wèze moast. Hja betsjutten wat yn de maatskippy en op it sosjale med hiene hja wat yn te bringen. Dus ik die myn ùterste best om in oaren ien te wèzen en der by te hearren. Ik wie in kamelion wurren. Ik paste my oan, prate en bewege my sa as fan my ferwachte waard. Mar ik wie net de persoan dy ik altiid west hie. En as jo net jo sels wèze kinne binne je ek net gelokkich.
It libben hat my leard om te wèzen sa as ik bin. Ik bin dy ik bin en der is mar ien fan.
Myn rie is dan ek: bliuw altiid tichte by dy sels, der komst it fjirste mei.
2.680
Ik liket miskien wat frjemd, dat filmke fan dizze mynhear maar as jo harkje en sjogge nei de tekst sit d’r mear achter as jo tinke; wat de beste man besiket te sizzen is; bliuw jo sels.
Hiel treffend foar dit stikje.