Ûngemak
We hawwe besite fan ùs pastorale wurker. Hja komt regelmjittich es lâns. En dan ha wy faaks in goed petear. Oer de gemeente, de nije dûmje en wer`t wy dit jier mei fakânsje hinne sille. Ik rin dan hin en wer om elk fan kofje te fersjen. Mar dizze kear giet it mis. Se besiket ùs ien foar ien oerein te krijen wat in hiele poepetoer is. Nei in protte gedoch sitte wy wer tsjin inoar oer. “Hawwe jimme ek wat brutsen?” freget se ungerêst. We sjogge inoar oan en kinne net mear bykomme fan it laitsjen. Myn man kin net laitsje, sjocht er de humor nèt fan yn. Hy hat syn ribben knieze. Ik ha mei him te dwaan en triuw in kessen yn syn rech. By it fuortgean seit se: “Sân besite ha ik noch nea meimakke. It is wer es wat oars.” “Kom mar gau es wer.” sis ik. Ûngemak …
Ik moast al efkes oan Gurbe en Loltsje tinke.
Kiesde ribben kin ofgriislik seer dwan. Jimme beide ‘t bêste tawinskje der mei . Bist do nog heel wokke ?
Anne en Geart.
Ja Geert noch nea sa goed west , en ik wie de reden…..