Fereale
By it oprêden fan in kast kom ik in kuorke tsjin. It is noch hielendal yn takt. In kuorke fol mei brieven mei grutte griene strikken der omhinne.
Foarsichtich doch ik it iepen en twa steapels brieven komme foar it ljocht. Ik gean der by sitten en begjin te lêzen.
It binne leafdesbrieven fan twa jonge minsken dy tige fereale op elkoar wiene.
Kompjoeter en e-mail wiene er noch net.
En folle telefonearren wie der ek net by; dat wie djûr foar dy tiid.
En sa begûnen dy twa fereale jonge lju elkoar te skriuwen. Yn de rin fan de tiid waarden de beide steapels al grutter en grutter. Sy yn Yngelân en hy yn Fryslân.
En dat is no acht- en fyftich jier ferlyn.
Ik gean oerein, stiif fan`t sitten, en doch se werom yn`t kuorke.
Fereale…
4.011
Wiete eachjes…
Der is neat feroare allinnich âlder wurden….
Ha al efkes tocht: soene der noch twa brieven bykomme?
Kin best wêze , mar de ynhâld sil oars wêze.