De oare kant
We hawwe in freon op besite en it is altyd gesellich. Fan alles hawwe by de kop; de polityk en hoe fremd hjoed-de-dei de wrâld der hinne leit.
Hy hat syn miening en ik faaks in oare. Mar dat waardearje wy fan elkoar. Sis mar; ik kin wat leie.
Mar dizze middei wurde wy hieltyd steurt troch in blauwe mich.
“Hast ek in skûteldoekje?” freget er; “Dan sil ik him bûtendoar sette.”
“Hjir hast in krante.”, sis ik en rolje him op.
As hie de mich him stutsen sa fleant er oerein. “Ik bring him bûten!” seit er; “Elk bist hat rjocht fan bestean…”
It griist my oan. “Hast er net wat oars foar?” freegje ik him. “No,” seit er; “it is in genedige died. Se hawwe gjin pine en binne foart dea.”
‘Hoe fier giet bisteleafde?’ freegje ik my ôf. De iene wol de mich sparje en de oare docht slakken midstroch. En beide hâlde se fan alles wat libbet.
“Hy docht gjin mich kwea.” sei ùs mem dan as wy it oer immen hiene.
Wy moatte it fan de oare kant besjen, mear fan de bistekant, betink ik my. En bring de mich hoeden nei bûten.
De oare kant…