Begryp en respekt
De soan hat west en omdat hy om utens wennet is it altyd in pear dagen. Dan prate wy by, dat is better dan maile as skiljen.
Fan alles komt er dan op it plusentafelkleed. Polityk en leauwen binne favorite underwurpen.
En omdat wy fan aard it selde binne hawwe wol es in oanfarring. Wy kinne mekoar troch en troch. Hy is gau opljeppend en ik ek. Wy jouwe mekoar net folle romte. We hâlde fan messen slypjen, wa hat it by it rjochte ein!
Der is in grut ferskaat tusken ùs; hy is jong en ik bin op jierren. It libben hat my tekene en hy stiet er noch foar. Ik praat ùt in libben fan ûnderfining en hy praat oer idealisme en hoe hy it libben sjocht. Faaks as ik him oanhear ha ik it gefoel; wy hawwe it net goed dien. Krityk hat hy somstiden en komt mei goeie argumenten.
Efternei besjoen tink ik; hat hy ek gelyk ! Hie dat ek oars moatten ! Mar wy libben yn in hiele oare tiid en oare omstannichheden. .
Ien ding is wis; wy hawwe alles mei ynmoed en leafde dien …
Begryp en respekt.
Op jo 51ste ha jo ek al wat libbensûnderfining, hear. Dan binne jo ek al net de jongste mear. 😉
Marit komt altiid wer goed mei us, hoe folle wij ek op mekoander lykje en hoe hurd us wurden somtiden binne. Dat is halden fan, toch? 😉