It paad bjuster
Myn freondinne hat it dreech; har man hat Alzheimer.
Trochstrings giet it goed en dan ha se it noch hiel goed tegearre. Mar der moat net wat ungewoans barre, dan is hy der ôf.
“Kinne jo it noch wol folhâlde?” freegje de helpferliners. “Jawol hear.” seit se. Mar se wit dat se terrein ferliest.
Se wol net tajaan. Se hawwe mekoar dochs ienkear belove om oant de dea ta foar elkoar te soargjen.
Myn freondinne hat de jas al oan. “Wer geane wy hinne?” freegje ik har.
“Hy hat it hieltijd oer it hûs fan de soan. Dy hat ark fan him liend, seit er.”
“Ja, mar,” sis ik; “dat is wol in hiel ein rinnen. Soe hy dat wol dwaan kinne?”
Wy splitse ùs; sy de iene en ik de oare kant ùt. Mar nergens in man op in bankje mei in rollater.
“Hy hie it ek oer in brilleman.” seit se. “Hy sjocht net mear sa goed mar tinkt dat er noch best in bril foar him te krijen is.”
We rinne en rinne, freegje minsken dy wy underweis tsjinkomme as se ek in fertieze man sjoen hawwe. Stadichoan krij ik myn nocht, ik bin ek de jongste net mear.
Mar dan stoppet er in plysjeauto neist ùs.
Efter yn de auto sit in man entûsjast te wiuwen. Bliid stapt hy ùt en seit ferwitend tsjin ùs; “Wer wiene jim? We ha alles om jimme ofsocht.”
“Hâld him goed yn `e gaten.” sizze de plysjes en draaie it raamke omheech.
It paad bjuster …