“Prettig Weekend…”
Ik stean yn in lange rige wachtsjende minsken foar de kassa fan in grutte supermerk. It is woansdeitemoarn. Ik tocht, ik moat der mar betiid by wèze dan is er noch gjin mins. Mar ik ha my fersint: sa ha mear minsken tocht.
Fannemoarn ha se de tiid, it sjit net op. Ferskate memmen ha lytse bern yn ‘e winkelkarre sitten en noch kin dat lytsguod by it snobbersguod. Dat sil ek wol de bedoeling fan de eigner wèze tink ik. En dan stean foar my in pear âlde minsken mei ôfladen rollaters. Je kinne merkbite se kinne mekoar. Se begjinne tsjin elkoar oer it waar en wat se yn it tehûs te iten krye.
It begjint my yn te baarnen; ik ha hjoed mear te dwaan. En it iten wurd noch net by my thus besoarge. Der stiet in âldere man foar my. Ik begjin in praatsje mei him mar hy seit net folle werom. De man hat myn oandacht, wèrom wit ik net. Hy stiet er wat triest by mei de holle foardel.
Dan hear ik dat de kassjêre seit; “Prettig weekend, mynhear!”
Yn ienen seit er fèl: “Dat sil net barre want ik ha juster myn frou te hôf brocht…”
Der rint er hinne, de kassjère ferbjustere efterlittent. It grypt my oan, wat wit ik nò fan al dy minsken om my hinne? Ik ferjit ôf te rekkenjen. Ik siz noch tsjin de kassjère: “It is noch mar woansdei, hear; it weekein is noch fier foart.”
Hjoed binne myn tinzen by de man. Wer soe d`r wenje?
Ik heb het nog eens weer doorgelezen, prachtig stukje! (die arme man…)
Groetjes,
Monique
Ja, wie zou dat zijn? Geloof maar dat er meer van dit soort verdrietige mensen zijn, helaas zijn ze naamloos voor ons.