Banken
Ik sit te bankieren op it internet. Wat klinkt dat goed, net? In pear jier allyn sei myn man: “Do moast it mar fan my oer nimme, it wurd my te dreech.” Nò, dat wie net sa bèst fansels. Wat wist ik der nò fan? Ik bin noch fan de generaasje loket. Jimme witte it miskien noch wol; fan it boerebankje ùt it doarp. Der waar gewoan sein;
“Frou Dykstra, moat jo jild ha? Jo ha oars juster ek al hân!”
Wer`t eltsenien jin koe en as de man as frou gjin jild mear krye koe, dan waar der oer praten. Nei folle missers en flaters kin ik my nò fia internet redde. En as it fenomeen wurket dan is it fantastysk. Jo hoeche de doar net mear ùt.
Mar okkerdeis wie it hommels: ùs beide banken binne fusearre, deilis fansels. De bank wist neat fan ùs bestean, te minsen net fan myn bestean. Wylts myn man en ik al hast in heale ieuw byelkoar binne en altiid by de selde bank bleun binne. Ik der fansels foart efteroan. Myn generaasje is net foar neat emansipeare. Ùt eindelik is it klear kaam mar der moasten wol seis klerken oan te pas komme…
Wat mis ik noch faak myn boerebankje wer`t hja my by de foarnamme koene…