De taal fan it hert
De jongste soan kaam er mei. It like my yn earste ynstânsje op fleanen, Wat soe ik te melden hawwe? Wa soe no op my sitte te wachtsjen?
Om dat ik him net ôffalle woe bin ik er mei in protte stinnen en pûsten mei begong. En no kin ik er net mear sûnder.
Myn each is skerper wurden foar detail. Ik sjoch mear om my hinne. En it allerbelangrykste binne de reaksjes op de stikjes .
De lju komme ùt alle hoeken fan de wrâld.
Om mar in pear te neamen: India, Bolivia, Frankryk, Amerika en noch folle mear lânnen.
Somstiden bin ik der oandien fan. Dan lês ik de ûnwennichte nei it heitelân.
Ik wit wol de kreft fan de stikjes lizze net oan de ynhâld mar leit oan de memmetaal. It is de taal fan thùs fan heit en mem.
In man ùt Burgum dy al 30 jier yn Ohio wennet ha ik troch myn blog kunde mei krige. Hy fynt it prachtich om op de hichte te bliuwen fan syn heitelân.
Ek yn ùs lân komme nijskirrige reaksjes. In frommeske frege as sij se foar lêze mocht yn it fersoargingshûs.
Ensafuorthinne.
Ach, wat is no moaier om dy yn dyn memmetaal fersteanber en fielber te meitsjen?
Dat is de taal fan it hert.
Sa is’t mar krekt, Wokke!
“…de kreft fan de stikjes lizze net oan de ynhâld?..” it spyt my datsto dat tinkst…it is júst dyn skerpe blik keppele oan ús moaie taal!
Helemaal eens met Piet Hein.
De kracht ligt aan jouw observatie, je onderwerpen en hoe je het schrijft, Nooit veroordelend, altijd open.
En natuurlijk in combinatie met je taal.