Ajax-matte
Kin ik jo helpe?” freget in stimme achter my.
Ik draai my kerbintich om. Der is Jan mei syn hûntsje. Se komme krekt werom fan hun fêste rûntsje.
“Kin ik jo helpe?” seit hy noch es.
“Dit is net goed foar jo rech, sa te sjen. Sil ik it efkes fan jo oernimme?” freget er, pakt de hûn op en set him fêst oan de tùnbank.
“Ik bin fan berop tùnman, sjoch.” seit er noch.
Mei fêste hân begjint er te meanen, hin en wer, fan foaren nei achteren. Fol bewûndering stean ik der nei te sjen.
“Wat dochst dat kreas.” sis ik. “Dit wurdt in Ajax-matte.” seit er.
Sa heard it te wezen. En al dy jierren ha ik mar raak meand en wie er ek noch grutsk op.
“Moast ek in kantsjeding ha?” freegje ik.
“Wat is dat?” freget er. “No,” sis ik; “der snije jo de kantsjes gers mei ôf.”
“Oh. Jo bedoele in trimmer.” seit er.
Skamsum gean ik yn `e hûs. Wat wit dizze jonge in soart fan tùnkjen. Ik ha al dy jierren mar wat omgriemd, besef ik my.
Tefreden sitte wy efkes letter oan `e kofje en prate oer syn wurk. Mar foaral oer syn hûntsje want dat is syn beste maat dy `t oeral mei hinne giet .
Myn rech is in stik opknapt. Komt dat no troch dy jonge as troch de Ajax-matte?
”Nije wike kom ik wer.” seit er; “Krekt salang oant jo krupsjes oer binne.”
Tankber triuw ik him wat yn `e han. “Keapje mar wat snobbersguod foar de hûn.” sis ik.
Ajax matte …
Pas maar op.
Straks komen die Ajax-spelers bij jou nog trainen.
Vrolijke groet,
Se binne altyd wolkom ,foaral de oranje froulje.
Jammer dat je ajaxmat niet meer kan bewonderen.
Wat bedoel je…