Dûbeldekker
Mei ùs fergees-reizgjen-kaartsje sitte myn freon en ik earsteklas noflik ûnderùt yn in dûbbeldekker trein. Wy sille nei Amsterdam nei de tentoanstelling titele “Gedoopt” oer de Meniste skiednis. Se hawwe der noch al wat buorkundicheid oan jûn, sadwaande binne wy hjoed opstap.
Yn Wolvegea sitte wy al oan in brochje, spitich dat der gjin kofje lâns komt. Al pratend binne wy al op ‘e hichte fan Hilversum. Ik siz tsjin myn freon: “Ik moat efkes nei de WC, hear.” Ik kom ùt de WC en rin automatysk nei it plak wer ik tink dat myn freon sit. Mar nè hear, ik rin fan iene wagon nei de oare. De treppens op en del. De reizgers begjinne my al wat fremd oan te sjen. Ik sjoch hun tinken: “Der ha je har wer, der mankearret fèst wat oan…”
Nò, sa fier is it ek hast; ik reitsje starichwei yn panyk. Nearne is hy te sjen. Wer sit hy nò? It beroerde is: hy hat myn tas mei jild, kaartsje en mobyl. Mar ek noch myn jas. Op it lèst gean ik bek ôf sitten. Ik ha beslùten om op it sintraal stasjon mar nei it Leger des Heils as nei de Plysje tegean. Dèr stean ik dan op it perron sûnder jas, en mei allinne wat ik oan ha. Sa moat in flechteling him ek fielle betink ik my. Dan ynienen sjoch ik tusken al dy minsken de betroude rech fan myn freon. Ik bin sa bliid as in protter, ik jou mar net fjirdere ùtlis.
It ienigste wat hy seit: “Do hiest mar lang wurk net…?”
Grappich; ik syt juster ek yn sa een trein en koe fan ut myn plakje mooi oare minsken besjen. En it gebeurt faker; ek juster wiene der minsken dy’t hun plak net fyne koene.
Us memmeminske is dus net de ieniche 🙂