As twa drippen wetter
Do likest op ùs mem. Do bist har ùt de bek stapt. Sis mar ùt de kop snien.” seit myn broer gauris. “Mar ek fan aard. Somstiden himelheech en dan wer yn `e skuorsek.
Moat ik der no bliid om wêze, freegje ik my ôf. Ik hâld fan stabile lju dy evenwichtich binne. Sa as ùs heit, dy man wie nea narrich en altyd op`t skik.
Hy wie in bytsje in beaken yn it gesin. As ùs mem wer es wat utwrydsk betocht hie moast dat daliks barre. Einliks moast it al regele wêze en dat joech gauris oanfarrings.
As bern hâlden we der rekken mei. “Earst mar oan heit freegje.” seine wy dan.
Myn bruorren bygelyks, dat binne stabyle figueren. Dy bringe rêst yn hun omjouwing. En dochs is in kombinaasje fan dy beide karakters net sa gek. De iene dy gau yn fjoer en flam stiet en de oare oelizzend en beriedend. Fan beide âlders erve, it kin dochs net moaier!
As twa drippen wetter…
2.840
Mooi
Dankje , ben je van Friese afkomst ?