As ik de leafde net hie …
We sitte yn de tûn. It kin efkes yn de smoute fan it hûs.
Se hat it dreech. Nei in gemoedlik praatsje oer it waar en sa komt it hege wurd der ùt.
Ik wit alles fan har, wy binne al jierren befreone, en dan hawwe jo gjin geheimen mear foar elkoar.
“Hy is yn de war,” seit se; “en somstiden agressyf. It iene momint oanhalig en dan wer fijannich. Ik moat fan alles leare; moat ik mei prate as krekt net? Ek al liket it praat nearne op?”
“Ik wit it somstiden net mear.” seit se. “It is dochs de man wert ik altyd fan hâlden ha!”
“Wy hawwe ienkear elkoar belove; wat er ek barre sil inoar ta stipe te wezen. As ik de leafde net hie, stiet er earne. Bestie Alzheimer as diminsje do ek al?” freget se.
We geane yn hûs. We hawwe it beide kâld krigen.
“As ik de leafde net hie …”