Ik bin lilk
Wêrom lilk? sille jimme sizze.
No, dat sit sa: ik ha ùs bank in adresferoaring stjûrd. Kreas op tiid, der sil it net oan lizze. Earst fia de kompjûter fansels sa as hjoed-de-dei wenstich is.
In pear dagen letter komt er in grutte slûf mei fjouwer grutte fellen papier thùs. Twa der fan binne yn oarder: it âlde adres is ferruile mei it nije.
Mar dan komme der twa fellenpapier ùt wert gjin adreswizingen op steane mar allebeide moatte se nei it nije adres. Ik snap er neat fan.
Ik klim yn de telefoan mar foar dat ik mar wat sizze kin lit sy my witte wat ik per tik hun skuldich bin.
It is krekt as tinke se dat ik dôfe as net hielendal helder bin. Hieltyd seit it minske dat ik wachtsje moat. Ik doch ommers neat as allinnich mar nei bûten sjen?
Dan einlik is it kofjeskoft foarby, tink ik.
Se seit op in spile, meilydsume toan: “Mevrouw, u heeft hier geen rekening lopen.”
“Ja wis wol.” sis ik; “Ik wie der al fier foar dat jimme der wiene.”
“Probeert u het nog eens.” seit se en leit de hoarn del.
“Ik gean nei in oare bank!” rop ik obstinaat. “Se binne allegearre gelyk.” seit myn man.
Wer is de tiid bleaun dat se my noch by de foarnamme neamden?
No bin ik NL89 ABNA 012 3456 789 ….