Mienskipsjild
Mei ik wol neist jo sitte?” freget se en lûkt in stoel derby. De rollator wurdt neist har set.
“Ha jo noch net san ding?” seit se. “Hja hawwe hjirre allegearre san apparaat. Dy jinge dy dat ùtfûn hat moat wol stjonkend ryk wurden wêze.” seit se snuvend.
“In pracht utfining.” sis ik. Hoe ha se dat eartiids hân? Do kamen se de doar net mear ùt en wiene de âlde minsken oerlevere oan buorren en tsjerke.
“Ik ha de gemeente frege as ik ek in scootmobyl lease kin.” seit se; “It regear wol dochs dat wy sa lang mooglik mobyl bliuwe. Se hawwe west om te sjen as it wol echt nedich wie.”
“Mar ik bin in olfert west.” seit se; “Ik bear har kofje oan en rûn fansels hin en wer. Yn tiid frege se my it himd fan`t gat. As ik ek in spaarrekkening hie en wat myn ynkommen wie. Ik begong my wat ûngemaklik te fielen. Soe sy wol ien fan de gemeente wêze?”
It frommiske giet oerein. “We moatte mar es in eintsje rinne.” seit se.
It giet nèt troch. Ik rin te goed …
Mienskipsjild.