Tsjerk
It is waarm, we hawwe de doarren tsjin elkoar iepen om mar in fleuchje sigen op te heinen.
“Ik bin Tsjerk.” seit er en lûkt in stoel oan.
“Kom er by.” sis ik mar dat is in oerstallige opmerking. Hy sit al de rollater deunoan.
“Ik kom ùt Aldebiltsyl, sjoch. ik bin in Biltker.”
“Befalt it hjir wat?” freegje ik. Mar hy heard my net en giet fierder.
“Ik ha altyd harmoanika spile.” seit er, syn ljochtblauwe staar eagen begjinne te glânzjen.
“Spylje jo noch?” freget de soan.
“Nè,” seit er; “it ding is my te swier op ‘e knibbels en myn fingers binne krebintich wurden.”
Ynienen springt Stientsje by him op ‘e skoat -wat sy nea docht-.
Tsjerk feroaret op slach en triuwt de kat hurdhandich by him wei.
“Myn freondinne hat ek in kat. In mûnster.” seit er.
En sûnder wat te sizzen giet er oerein en ferdwynt yn de lange donkere gong.
Tsjerk…