De sjoernaliste
It frommiske oan de telefoan freget as se lâns komme mei foar in ynterview.
“Hawwe jo wol it goeie nûmer?” freegje ik; “Moatte jo my wol hawwe?”
“Jo hawwe in blog, mei allegearre stikjes.” seit se; “Mei ik efkes lâns komme foar in ynterview?”
“Want dat is net gewoan as jo sa âld binne.” giet se fierder.
“Makket âldens dan wat ùt?” freegje ik, in bytsje op `e tienen trape.
Hjoed-de-dei makket âldens net folle mear ùt want de lju wurde njoggentich en hûnderd is gjin ùtsûndering mear,
We prate ôf en in wike letter sit se tsjin oer my. Se leit in apperaatsje op ‘e tafel en begjint te freegjen.
Razend hurd gean har fingers oer it papier. ‘Soe dat no steno wêze?’ freegje ik my ôf.
Al gau ferjitte wy de tiid, de tee wurdt kâld, allinne it apperaatsje op tafel docht syn wurk.
“Nije wike komt it yn de krante.” seit se; “In foto fan jo ha ik al.”
We nimme ôfskie, it foel allegear genoch mei.
In wike letter stoarre my in bekend gesicht oan, har âldens stiet er mei grutte letters ûnder.
Leuk!
Nu ben je dus wereldberoemd in Heerenveen en omstreken.
Vrolijke groet,
Ik kan over straat zonder handtekeningen !
Vreemd, ik kan niet vermomd over straat.
Noch fan herte lokwinske mei jimme 60-ste troudei! In moai portret yn de krante.
Wokke , ik kom ek ut Aldeboarn ut de Spinhusstege. Jimme wennen op de hoek derfan . Myn alders hielen der in winkeltsje ,dat Grosco hjitte . Dat wienen myn pake Sjoerd en beppe Leentsje de Bos dat se oernommen hawwe. Beppe Leentsje Hie sukersykte en moast in hiele foet misse. Se lei dus altyd op bed. Toen ik twa jier wie brocht ik har in konne kofje en sette die tegearre mei beppe op it bed ,op de kachel dy nest har bed ston . Op in kear kaem der in taxi foar de Spinhusstege rijden. En der wie… Lês mear »
Wy wennen net yn de Spinhùsstege mar achter Hindrik Akkerman , en fotograaf de Jong , en Bouke mei ien earm. Ek Anne wenne der in hiel âld minske se wenne tsjin in sleat de ratten rûnen by har oer de keamer. Ek swarte Wilmke wenne der, ik koe se allegearre allinne by de foarnamme. Hele drama`s spilen der ôf, mar hja wiene ien yn earmoede.
Tiden hawwe tiden , dat sjogge jo mar wer.
Tankje Elske, hast my no ek es sjoen ….