Can I help you?
Can I help you?” freget in sympatike stem troch de telefoan. It is noch betiid en ik bin noch net op dreef.
Ik bin oan it skûtelwaskjen en freegje my ôf hoe hy wit wat ik no oan it dwaan bin.
De stim giet fierder yn perfeckt Ingelsk. “You are hacked.” seit hy.
“Wa binne jo?” freegje ik yn myn beste Frysk-Ingelsk want wa hat sa betiid syn talen by de hân?
“I can help you.” giet er fierder.
“Wer mei?” sis ik, yn gedachten noch by it skûtelwaskjen.
It komt hjir op del, begryp ik; myn kompjûter wurdt ynbrutsen en hy kin my derby helpe.
“Wa bin jo?” freegje ik mar wer. “I can help you.” seit er noch es behelpsem; “I am from Microsoft, Amsterdam.”
“I am Wokke, from Leppehiem.” sis ik, senuweftich.
Paniekerich begjin ik alfêst te sykjen; wer is dat ferrekte wachtwurd no ek alwer?
“Wait in momint.” sis ik, en ha dan efkes de tiid om mysels byelkoar te swyljen .
Ynienen yn in flits sjoch ik wert ik mei dwaande bin en smyt de hoarn er op.
“Mem hat dochs net har wachtwurd as rekkennûmer jûn, wol?” fregetde soan ûngerêst.
“Nè, jonge.” sis ik. “Lokkich is it kadaster fan jimme mem noch wól aardich goed.”
Can I help you.
Tss.
Sei er dat jo in firus ha? En binne jo ferkâlden? 😉