Lêsklupke
Sûnt in hoartsje mei ik minsken fan âldens in middei foarlêze.
Earst hie ik sa myn betinkens want wat moat ik lêze? Moatte it gedichten wêze, teltsjes as koarte ferhalen?
En dan noch; kin it yn it Frysk as moat it yn it Hollânsk?
Om barrens lêze wy foar wat in bytsje geskikt is foar dizze minsken.
De earste kear fûl my raar tsjin. Do ik om my hinne seach wie de helte yn sliep fallen.
“Ik doch it net mear mei,” sei ik nitelich; “ik kin myn tiid wol oars brûke.”
Om net sleau te dwaan bin ik mar troch gien, it binne ommers minsken dy in fersetsje nedich hawwe.
“Wannear begjint it lêsklupke wer?” freget âlde Bringsma; “Ik sjoch er sa nei ùt!”
En der doch ik it foar. Salang dizze minsken mar in moaie middei hawwe.
Ik pak it boekje fan Marten L. de Boer derby: “Ûs dûmny preket goed, mar hy yt better”. Sukses fersekere 🙂
Hearlik, foarlêze. Us mem lies ús altyd foar of fertelde in eigen ferhaal. Oant myn tolfde. En de meester op freedtemiddei út ‘Een reis door de nacht’. Us pake hie in koer mei skoalleboeken en atlassen en toanielstikken. Lêze by de waarme kachel.
Der binne in soad moaie boeken mei Fryske ferhalen . ..
https://www.boekwinkeltjes.nl/s/?q=ferhalen&t=1&n=1
Foarlêze yn it ljocht fan de petreoilje lampe en it duveltsje read gloeiend. In moaie tiid mar soms ek soargen.