Nasjonale Foarlêsdei Foppe boppe!
Dat Ûs Foppe goed yn fuotbaljen is witte wy allegearre wol.
Mar sûnt juster wit ik ek dat hy hiel goed ferhalen fertelle kin.
Yn it kader fan de Nasjonale Foarlêsdei wie hy as spesjale gast yn ùs fermidden.
Middels in grut skerm ferhelle Foppe oer it hûntsje Harry dat ferdwaald wie.
Jong en âld hongen oan syn lippen.
Mei in High Tea en lekkere hapkes fleach de middei foarby.
“Mei ik in foto fan jo nimme?” freegje ik skrutend want jo witte mar noait mei dy ferneamde lju .
“Jo hawwe leaver in selfie, net? seit er laitsjend en slacht in earm om my hinne.
De middei kin foar my net mear stikken.
😂
1.838
Category:
Minsken
Jullie staan er beiden stralend op.
Toch wil ik nog maar even stellen dat de verhalen op jouw blog ook de moeite waard zijn.
Vrolijke groet,
Deksels, jim stean der mar kreas op! En net mei de earste de bêste!
Foppe in hiel aardige gewoane man.
Ik bedoelde jo 😉